Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iepen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Yn himsels besletten
set er skerpe stikels op,
allinnich bûn oan eigen wetten,
finzen yn de dop.

Hoe kin ’t bûtenbarren
tagong krije as de siel
him yn de simmer hat ferwarre
tsjin it oare diel?

Inkeld troch te fallen
barst de bast en komt in glim
fan ’t wêzen foar it ljocht, de golle
gloede, brune stim.

Beide dielen binne
dan as binnen-bûten ien
gehiel en glânzjend yn de sinne
fan de bast ûntdien.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum