Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De stilte fan de mist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wrâld wie lyts, it tichte skerm
fan mist stie oeral yn it rûn
en ek de stilte hong fan berm
nei berm, der kaam gjin inkeld lûd
trochhinne, oars net as de stap,
dy’t klonk as yn de watten lein,
en yn dyselde tiid it bloed,
de klop fan ’t hert, al like rap
om troch te brekken nei de ein,
dêr wêr’t it libben leven joech…
en doe, ynienen briek it troch,
it blêtsjen, heech en leech, en sjoch,
de keppel, kringend nei it stek,
sa bang as skiep foar ’t driigjend skerm,
joech my wer oan wêr’t ik om socht
en djip belutsen by ’t gefoel
dat deadske stilte harren brocht,
die ik de stap fan dyk nei berm,
sa fierder nei it stek en by
de keppel wie de driging oer,
begûn de stilte op ‘e nij.

Image

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum