Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan de greide-arke

Lyrysk Deiboek

Noachs arke dreau foar wûnder
mei de dieren oeral wei
en kaam úteinlik wer telâne
op ’e ierde, fêste grûn,
foar bist en minske wie ’t bysûnder.

Mar nei Noach soe it barre
dat de arke wie de grûn
dêr’t skiep en bargen nachts op dreauwen,
ek dy arke rekke fêst,
sa waarden de Legeaën sparre.

Offenwier hie neat te kleien
mei de Grienedyk en syl,
dêr’t pream en skou trochhinne koene,
boer en skipper fûnen ’t bêst
om sels de doarren ticht te draaien.

Op in nacht soe ’t lykwols barre
dat in stoarm de kop opstiek
en oer de dyk de weagen rûnen ,
ek de syl kriich dêrfan lêst,
sloech los en is yn ’t leech bedarre.

Yn it ljocht fan folle moanne
dreau de greide-arke mei
wat skiep en bargen oer de weagen
nei it gat, slein yn de dyk,
it barde sûnder skippers hannen.

Offenwier bleau troch dit wûnder
sparre foar de drinkeldea,
lykas de dieren yn de arke
én dy op ’e arke-grûn,
sa rekke ’t libben der net ûnder. 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum