Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunstner oan it roer

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salvador Dalí*

Image

Salvador, do wiest noch jong:
as puber fan mar fyftjin
woest de libbensskoat al stiif sjen
mei ’t each dat alle wyn fong
fan ynspiraasje fan de see
dy’t tûzen kleuren spatte
op it seildoek, havenskatten
fan dyn heitestedsje Cadaqués.

Image

Rêder fan de skilderkeunst
yn withoefolle stilen,
koest mei alle winen sile,
sels de priis, de oar de geunst.

Image

En dêr sylt hy yn in kwadraat
fan sechtjin meter, Marblom twa;
syn styl is fan de sechde graad,
hy moat it fan in koeltsje ha.

* Salvador Dalí (1904-1989) waard berne
yn Spaansk Catalonië.
Syn heit hie in notariskantoar yn Cadaqués.
De folgjende útspraak tekenet de skilder:
‘O Salvador, no witst it, ast foar sjeny
spilest, wurdst it.’
Dalí is, hoewol’t er yn ferskillende stilen
skildere hat, it bekendst wurden as surrealist.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum