Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jonkjes mei hûnen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Tiziano Vecellio (Titiaan)*
en Salvador Dalí**

Image

It jonkje, noch mar krekt fan ’t memmeboarst
en ûnder ’t noaske strieltsjes snotte,
stiet wat wif op bleate fuotten,
steunend op ‘e hûnerêch,
wylst draaiend fan syn himd in woarst,
stelt hy dy iene fraach:
‘Wat sjocht myn each?’

De fantasy hat fluch it antwurd klear
en reizget fan Italië nei Spanje,
yn de rêchsek mûle, noaske, each en ear
en mei in himdfol woarsten oan as franje:

Image

‘Ik bin in jonkje fan seis jier
dat tinkt dat ik in famke bin
en sa ha ik it nei myn sin,
nijsgjirrich nei in snoarkjend dier,
til ik de hûd op fan de see
en sjoch it spul fan ljocht en skaad
dat ik beweech as wie ‘k in fee,
dêr leit de hûn, myn slûge maat.’

It jonkje, noch mar krekt yn ’t lân werom
fan wite werklikheid op poaten
harket nei de hûnenoaten
út ‘e hoale yn de grûn:
‘Wy binne lykas dy, dus kom,
en hawwe mar ien fraach:
wurd mei ús hûn!’

* Tiziano Vecellio (Titiaan) libbe fan 1477/1488-1576.
Doe’t er tsien jier wie, waard er nei Fenetië stjoerd.
Dêr krige er in oplieding as skilder.
Titiaan ûntwikkele in styl mei kleur en ljocht
yn de haadrollen.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne yn Catalonië.
It skilderij fan Dalí hjit ‘Doe’t ik seis jier wie, tocht ik dat
ik in lyts famke wie dat op it punt stie om hiel hoeden
de hûd fan de see op te tillen om yn it skaad fan it wetter
in sliepende hûn te besjen’.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum