Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De grutte toer fan Babel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Brueghel*

Image

Se ha gjin fûneminten slein,
mar op ‘e ierdske rotsen boud;
se losten, laden yn de wein
de stiennen en it ikehout;
de hynders wrotten it omheech,
dat bouwers koene nei de top;
gjin poartebôge wie te dreech
oant acht, doe woe de wolk in stop.

Hy spriek út namme fan de Hear:
‘Iksels bin nei de himel, poarte
dy’t iepenstiet foar each en ear,
mar net foar earms dy’t rikke moatte;
jim eamels stribje nei noch mear,
in heap fan hegerop dy’t koarte
tiid fan libjen hat, want op in kear
sil Babels poartetoer ynstoarte.’

Mar ’t bouwurk op ‘e grûn fan klaai
is ’t djippe fûnemint foar lein,
want ‘Fryske Poarte’ wiist de wei
nei ierdske hichten, hecht beslein
mei feardichheden yn berop
en eigen tiid, en stekt opnij
de kop fan Babels eamels op,
dan driuwt it wolkje stil foarby.

Image

* Pieter Brueghel (sirka 1525-1596)
wie in skilder út ‘e súdlike Nederlannen.
Hy wie tige ynteressearre yn de toer fan Babel.
Ut it skilderij docht bliken dat Brueghel
ferstân hie fan boukundige saken.
It grutte tal details docht it kolossale gehiel
gjin ôfbrek, it ferheget it boppeminsklike stribjen.
Breughel hat de toer fan Babel ‘boud’ op in rots.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum