Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Improvisatie

Jereims
PDF Print E-mail
Gjin plaatsjekeunst

Jereims hat produktyf west,
want hy stjoerde twa gedichten
mei trije yllustraasjes.*
As alternatyf foar kryst,
sa skreau er.

Ik siet der folslein nêst:
hoe’t ik derby kaam dat er him fine koe
yn myn iensidige foarkar,
want plaatsjekeunst hie hy neat mei.
Dat er Frans Hals neamde,
paste yn syn gedicht ‘Kunstvogels’
en fierder moast de goeie man
mar moai yn it museum hingjen bliuwe,
in gebou like âld as syn keunst.

‘Het gaat mij om de transfer van
het concrete naar het abstracte,
het liefst in felle kleuren.’

Dêrom lit er yn syn gedicht
keunstners sebrafinken skilderje.

Ik mei der wol oer dat de jonge Jereims
soarget foar lykwicht op myn webside.

Improvisatie
van Wassily Kandinsky

Image

Van een blad dat loslaat
als de dag nog donker kleurt
en zich ontpopt tot vlinder
die al het zonlicht vangt,
te licht voor zelfs een dag
en dus tot vaste vorm wordt,
een akker zonnebloemen
in een landschap dat al kleurt
van avondonweer dat loslaat
wat geen vaste vorm aanneemt.

Image

Jereims

* It twadde gedicht wurdt publisearre
op Aldjiersdei.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum