Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Praise famous men

Skiednisbylden

fan Walker Evans*

‘Let us now praise famous men’,
de lytse pachters yn it suden
dy’t wrotten foar it deistich brea,
ferearme troch it meunster
dat Depresje hjit, har oan te sjen.

Walker Evans seach it ek
en makke allerhande bylden
fan wrotters mei de frou en bern;
de earmoed waard ta keunst, mar
’t meunster hold noch lang in grutte bek.

James Agee skreau wurd nei wurd
by bylden oer it earme libben
en priizge dêrmei ‘famous men’,
de minsken mei gjin oare
kar as troch te wurkjen, lang en hurd.

‘Let ús now praise famous men’,
de hurde wurkers troch de tiden,
har bylden geane nea ferlern.

* Walker Evans (1903-1975)
Foto ‘Walker Evans’
Foto ‘Earmoed’

admin

It hert derút

Skiednisbylden

fan Ossip Zadkine*

De hannen heech,
de polzen brutsen,
de holle skean
foar noch ien tút,
de skonken bryk,
it hert derút.

Hat Rotterdam
de oandacht lutsen
fan Israel?
Dan wie ’t beslút
net nommen, no
is ’t hert derút.

It hert fan troch
de iuwen hinne,
it kloppe troch,
mar no is ’t út:
Jahweh ropt net,
’t hert is derút.

Wa’t herten brekt,
sil ’t pleit net winne,
sjoch hoe’t de mem
jout noch ien tút
oan ’t deade bern,
sy gûlt it út.

* Ossip Zadkine (1888-1967)
Byld ‘De ferwoaste stêd’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum