Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Finlân en Zatopek

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It barde doe yn Finlân,
tusken west en east neutraal,
op de Spullen fan Olympus,
dat Tsjech Emil Zatopek,
de lange-ôfstân-rinner,
mei it goud gie op ’e haal.

De Finnen, neutraal folkje,
oars sa kâld yn oarde noard,
seagen Zatopek net sitten,
mar wol draven as in gek:
‘Oerein foar in ovaasje,
east of west, gjin punt, hy spoart.

De tiid ferrûn, it barde
letter dat neutraliteit
tusken west en east gjin opsje
wie, de Fin seach Zatopek
net sitten en net rinnen…
oarlochsdriging waard in feit.

* Foto ‘Emil Zatopek  op de
Olympyske Spullen yn 1952’

* Byld ‘Emil Zatopek’

admin

Massale staking

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**


It wiene kommunisten
dy’t oprôpen yn in manifest
dat it folk tsjin ûnrjocht stake
moast: gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Oft sy ek fan gefolgen wisten?

De oprop die fertuten,
gjin gefolgen wiene doe al manifest,
dat massaal gie ’t folk yn staking,
’t woe gjin razzia’s tsjin Joaden mear!
Wat waard doe hegerop besluten?

De staking joech te tinken,
út it hert wei kaam in fûl protest,
manifest waard de reaksje
fan de fijân: klear mei it gewear,
it folk moast wike op syn winken.

* Foto ‘Febrewarisstaking’
** Foto ‘Ein fan de Febrewarisstaking’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum