Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Willem V

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Johann Georg Ziesenis*

Image

Hoe koe hy witte dat syn heit ferstoar?
Pjut Willem wie mar trije,
mar wie wol bestimd foar it regear,
soe hy de Republyk fernije?

Hoe koe hy witte: nei him net in oar?
Prins Willem wie de lêste,
want de Republyk wie mei him klear,
se holden him foar net de bêste.

Hy koe al langer witte fan ’t ferset
troch ’t fjoer fan patriotten,
mar fernijing wie tefolle ear
foar ’t folk, dat mei syn lieding spotte.

Hy wist op ’t lêst: sa rêde wy it net,
syn frou waard arrestearre;
’t leger fan har broer kaam yn de wear,
de prins wie rêden, mar mislearre.

It wiere witten kaam foar him te let,
hy flechte mei syn skatten
oer de Noardsee, ’t ôfskie die him sear,
reboelje foel net mei te spotten.

* Johann Georg Ziesenis (1716-1776)
Skilderij ‘Portret fan Willem V’

admin

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
wichtich man, sawol fan namme as fan liif,
hy hie it drok, mar koe ek oeren fan geriif,
foar ’t eigen netwurk gie hy op ‘e sutel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
eptich man, famylje fan elk keningshûs,
hy hie it drok mei syn konneksjes by de rûs,
mar skeat as militêr yn ús lân woartel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
húslik man, waard foar de lytse Willem fâld,
as jonge prins noch lang net feardich foar de wrâld
fan macht, foar guon reginten moast de skoattel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
man fan noch mear macht, wat late ta de haat
fan ien dy’t him bejoech mei fjoer op ’t oarlochspaad,
gjin moard, de hartoch miste wol syn kloaten.

* Skilderij ‘Portret fan hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum