Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Frânske revolúsje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean-Pierre Houël*

As riken libje fan de earmen,
ealman, biskop en pastoar,
dan komt wa’t achteroan is foar
en sil it bloed oer strjitte streame.

Dan hat de earme gjin fidúsje
dat de foarst him bystean sil,
dan komt it oan op eigen wil
en ropt er op ta revolúsje.

Dan raast de frijheid oer de strjitte,
lit gelikens bruorskip sjen,
dan giet it brike rjocht ferlern,
foar riken ieuwenlang de mjitte.

Dan wurdt de finzenis bestoarme,
komme swiere muorren del,
dan brekke earmen út ‘e sel
fan troch de hearen stelde noarmen.

Image

* Jean-Pierre Houël (1735-1813)
Skilderij ‘Bestoarming fan de Bastille’

admin

Fergese foarstap

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan J.J.R. de Wetstein Pfister*

Doe’t prins Willem net mear doarde,
hat syn frou de foarstap naam:
Oranje moast wer oan ’t regear,
dus nei De Haach mei feint en faam,
wat ûnderweis ek barde.

Wilhelmina liet har ride
yn in koets, mar ûnderweis
wie ’t hookstrooks ho, waard skeind har ear
troch patriotten, dat har reis
soe net nei Hollân liede.

Image

Yn in pleats kaam sy terjochte
op in steapel tsizen fan
boer Adriaan; wend oan in hear
wie hy foar har in sljochte man,
dus stie sy op har rjochten.

Wilhelmina koe net lizze
op it hea, soks paste net;
sy makke tsjin har ear in kear
en is wer nei har man ta set
om ’t minne waar te sizzen.

* J.J.R. de Wetstein Pfister (1805-1879)
Yllustraasje ‘Wilhelmina oanholden
by Goejanverwellesluis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum