Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Heilsoldaten

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Se rinne wêr’t oars skippen farre,
weidûkt yn de kraach en siel,
de heilsoldaten oer de Waal,
sy soene soargje foar in lokkich diel:
de frijheid as in nij ferhaal.

De honger wrot yn harren mage,
Brabân hie gjin iten mear,
dat dêrom giet it oer de Waal,
de learzens, lea en siel dy dogge sear:
de winter as in oar ferhaal.

De winter helpt har oer rivieren,
Utert biedt in waarm jûchhei
nei kâlde poaten op de Waal;
de patriotten fiere maaiedei:
de bruorskip as in âld ferhaal.

* Tekening ‘Frânske soldaten rinne
oer de beferzen Waal’

admin

Danton

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

De holle rûn, it antlit skeind,
as bern bestoarme troch in bolle,
Danton waard in frijheidsfeint,
earst wie him neat tefolle.

Op grûn fan rjochten advokaat
en fierder nei de revolúsje,
sa ferfolge hy syn paad,
gjin sicht op de yllúzje.

Al gau in wichtich kwerulant
dy’t oprôp ta in demonstraasje
tsjin de Tuilerieën, want
lang libje folk en naasje!

Heech klimmend yn de hiërargy
waard hy minister fan justysje,
joech it leger ek noch rie,
hy koe fan alles hysje.

Hy fûn de wei nei minsklikheid:
lit ús gjin kristen mear ferfolgje,
want geweld, it is in feit,
sil ’t eigen folk ferswolgje.

As minske krige hy gelyk,
skeind waard er troch de guillotine,
’t antlit glimke nei it lyk,
der foel neat mear te finen.

* Skilderij ‘Portret fan Danton’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum