Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Admiraals op ‘e trek

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Louis Philippe Crepin*

De fraach wie: wa soe hearskje
oer de wiidte fan de oseaan?
It wie mei frede net te dwaan,
twa naasjes soene ’t seerjocht easkje.

Image

It antwurd kaam fan Nelson,
admiraal fan naasje Ingelân,
hy sette Frankryk nei syn hân,
foar Pierre de Villeneuve in helske.

In strategy fansiden
taaste ’t Frânske liny-farren oan,
de botsing waard in helsk fertoan,
de slach hie fjoer en bloed te bieden.

Image

Want Nelson kriich in kûgel
yn de rêch, mar folge noch de striid,
hy wist: it is al gau myn tiid,
net tusken fisken, mar as fûgel.

En Villeneuve kriich stekken
fan himsels, it wiene der wol seis,
woe grif mei Nelson ûnderweis
as fûgel, fredich fierder trekkend.

* Louis Philippe Crepin (1772-1851)
Twa skilderijen ‘De slach by Trafalgar’

admin

Dûbele kroaning

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Auguste Dominique Ingres*
fan Jacques-Louis David**

Image

It gie mei stappen nei de top,
Napoleon seach him al sitten
yn keizersmantel op ‘e troan,
gjinien koe tsjin dat stribjen op…
wa stiek in keizer nei de kroan?
De paus sels hat it sitte litten.

De konsul*** woe as demokraat
it folk fan Frankryk stimme litte,
hy telde alle stimmen mei,
ek fan soldaten op ‘en paad…
wa woe gjin keizer nacht en dei?
It hiele folk seach it wol sitten.

De kroaning moast mei priel en pracht:
de dracht mei tûzen gouden bijen,
in gouden kroan sa swier as lead,
de earn as teken fan de macht…
wa woe gjin keizer yn dy steat?
It folk koe ’t grif net better krije.

It barde yn de Notre-Dame:
Napoleon hat twa kear kroane,
himsels it earst, doe Joséphine,
om’t hy de paus net earnstich naam…
wa helle sa gjin keizer yn?
It folk hold net fan sa’n fertoaning.

Image

* Jean Auguste Dominique Ingres (1780-1867)
Skilderij ‘Napoleon op syn keizerlike troan’

** Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘De kroaning fan Napoleon’

*** Napoleon klom op fan konsul fia earste konsul nei keizer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum