Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Eilân-keizer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Horace Vernet*

Image

Dêr stiet er mei de earmen oerinoar
mei útsicht oer de wide see
en tusken syn soldaten,
dy’t al witte fan syn kar,
want Elba is gjin rotsfêst stee,
dêr falt hjoed oer te praten.

As balling ha se him hjirhinne stjoerd,
in eilân sûnder sicht op macht,
want binne syn soldaten,
mar seishûndert, hjir foargoed?
Dan is it dien mei priel en pracht,
’t kanon sil nea wer prate.

As eilân-keizer lit er him wol sjen,
set Elba op ‘e hannelskaart
en bout syn residinsje,
mar de slach hat er ferlern,
wat leit net yn ’t soldate-aard:
de sege as yntinsje.

Dêr stiet er mei de earmen oerinoar
mei útsicht op it fêstelân
en twamiljoen soldaten,
dy’t net witte fan syn kar:
werom nei Frankryks rots en strân,
sa lizze hjoed de kaarten.

* Horace Vernet (1789-1863)
Skilderij ‘Napoleon op Elba’

admin

Wolkom werom

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Al jierren ha se wachte
op ’t oranje fan de prins;
de Noardsee wie de grins,
dêrachter waard er achte
as in flechtling sûnder lân.

De Frânsman hie gjin macht mear,
dat Oranje koe werom,
de Noardsee groete him mei skom;
it folk stie mei de wacht klear
oeren lang al op it strân.

Image

Se rûnen rêstich ’t wetter
yn, Oranje wie wer prins
op eigen grûn nei elk syn winsk,
want wie dy tint net better
as Napoleon yn ’t lân?

De koets ried yn in staasje
mei Oranje nei De Haach;
as liedsman út it âlde laach
waard hy in foarst mei graasje,
it folk wie út ‘e Frânske brân.

* Yllustraasje ‘Erfprins Willem komt werom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum