Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Operarevolúsje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Gustaaf Wappers*

It Keninkryk fan Nederlannen
bloeide op, de fraach wie lykwols wêr?
It noarden lei it suden net,
de kening wie autoritêr,
dat noard bûn súd de hannen.

It Keninkryk fan Nederlannen
sloech yn súd en noard alhiel net oan,
it suden griisde fan de wet,
it noarden hold it mei de troan,
de foarst hie ’t heft yn hannen.

It Keninkryk fan Nederlannen
koe yn Brussel amper goed noch dwaan,
in opera** sloech oan de toan
fan fûl ferset tsjin kenings waan
fan alle macht yn hannen.

Image

* Gustaaf Wappers (1803-1874)
Skilderij ‘Belgyske revolúsje’

** De Stomme fan Portici (Daniel Auber)

admin

Julyrevolúsje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Eugène Delacroix*

Image

Kom op, jim bern fan ’t heitelân,
de dei fan gloarje brekt hjoed oan,
dus fuort mei alle pommeranten,
stjit de kening fan de troan,
lang libje sil de boargerstân!

Sjoch hoe’t it folk mei stoarmgeweld
oer withoefolle liken rint,
de jonge mei syn twa pistoalen
balt dat hjoed de frijheid wint,
allinnich ’t leave libben telt.

De leafde fan it boppeliif
giet út nei de gewoane man,
hear ’t klappen fan de trikoloare;
doch de adel yn de ban,
sa balt it bleateboarstewiif.

En dêr komt oan de boargerfoarst,
de man dy’t Frankryk rêde sil,
syn namme is Louis Philippe,
harkjend nei de Frânske wil,
mar dy’t úteinlik wike moast.

* Eugène Delacroix (1798-1863)
Skilderij ‘De frijheid dy’t it folk liedt’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum