Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

De blauwe dea fan 1832

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It meunster kaam út Bangladesh
en sloep troch Ruslân nei Europa ta,
hat by de Switsers slaande west…
it famke stoar oan goalera.

Image

Yn Skeveningen kaam er oan
mei fiskers dy’t er flink te pakken hie,
sy binne lykwols net ferstoarn,
wylst hy in oar it himd oandie.

Dy oar joech oer en krige kramp,
moast hieltyd, nacht en dei, nei ’t húske ta,
sa rûn er leech nei ’t deadekamp
yn ’t blauwe himd foar krie en ka.

It meunster kaam as straf fan God,
die oan de dea… wa woe no noch fertier?
De brouwer klage oer syn lot:
‘Gjinien sûpt mear myn skomjend bier.’

* Litografy ‘Famke út Switserlân’

admin

Flaggeheld

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Jan Willem Pieneman**

Jacob wie noch mar in jonge
doe’t er dreamde fan de see;
lykas Michiel de Ruyter
hearde hy op krekt deselde ree
de weagen foar him sjongen.

Trettjin jier, noch mar in puber,
kaam syn dream út, as matroas
keas hy foar de marine;
mei de see- en krûdlucht yn de noas
koe hy syn draai wol fine.

Image

Jacob seach by Philippine
hoe’t de Belgen foeren nei
de sloep mei trije kleuren;
kûgelsrap naam hy de flagge mei,
in held mei dissipline.

Elkenien kaam it te witten
dat de held wie in matroas,
sa’n die wie dik yn oarder;
Jacob hie foar ear in skerpe noas,
hy kriich de Willems-Oarder.

Image

* Yllustraasje ‘Jacob Hobein rêdt de flagge’

** Jan Willem Pieneman (1779-1853)
Skilderij ‘Jacob Hobein’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum