Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Roomsk bylderyk werom

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Gregoarius of Pius, ’t wie de paus
dy’t earder alles foar it sizzen hie,
oer hiel Europa lei de saus
fan Rome, smaaklik foar wa’t hollich wie.

Oer Hollân raasde yn dat jier de stoarm
fan slaan it roomske bylderyk yn grom,
’t Marijebyld is foar de foarm,
mar wa’t de Bibel sprekke lit, is from.

Doe spriek Napoleon in twingend wurd:
de steat en tsjerke skiede wurdt de wet,
it keizerlike ryk is grut,
dat elke tsjerke wurdt op ôfstân set.

Oer Nederlân striek ek in mylde wyn,
de grûn waard fruchtber foar in wide wet,
de roomske tsjerke kaam deryn,
de bylden waarden wer op pylders set.

Paus Pius geat de saus oer ’t streksum miel,
it lân kriich wer it biskopsryk werom,
de rike roomske libbenssiel,
mei al dy bylden wie de leek ek from.

Image

* Skilderij ‘Paus Pius IX’

admin

Droege mar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan van Goyen*
fan ûnbekend**

Image

Wêr’t eagen doarmen,
dêr weage it wiet
fan Haarlem syn marren,
sjongend it âlde liet
fan twirkes en stoarmen.

Wêr’t foeren de Geuzen,
dêr wie de Spanjoal
om rjochten oer Haarlem,
fuort mei de wrede boal,
lang libje ús reuzen!

Troch withoefolle stoarmen
waarden trije marren ien,
de weagen easken Haarlems rjochten,
’t wie mei de rêst fan boargers dien:
‘O Heare, ha mei ús erbarmen!’

De Heare joech de breinen
ynsjoch: lis de mar mar droech
as neibyld fan de earste skepping,
dan brûke boeren grif de ploech…
en sil de baan it fleantúch heine.’

Image

* Jan van Goyen (1596-1656)
Skilderij ‘De Haarlemmer mar’

** Plattegrûn fan de Haarlemmer mar

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum