Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Emma van Waldeck-Pyrmont

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Jan Veth**

Sy wie de twadde keninginne,
trije kear ek regintes,
mem Emma joech har dochter les,
dy frou stie faak allinne.

Yn Dútslân wie har jeugd ferljochte
mei wat omgie yn de wrâld,
sy preau ’t bestean fan swiet oant sâlt,
wie op ’e takomst rjochte.

Mei tweintich waard sy keninginne,
foar de foarst in jonge blom,
de kening rûn al justjes krom,
sa’n frou moast dochs wol kinne.

Troch Emma waard Oranje rêden:
dochter Wilhelmina mocht
de troan beklimme, froulik rjocht,
sy rûn mei eigen trêden.

Gjin regintes, gjin keninginne
mear, mar inkeld noch de mem
fan Wilhelmina, iennichst bern,
in âlde frou allinne.

* Foto ‘Willem III en Emma’

** Jan Veth (1864-1925)
Skilderij ‘Keninginne Emma’

admin

Skoallestriid

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Se sieten op deselde fyts
en trapen ritmysk op en del,
de protestant en katolyk,
de kant út fan bysûnder ûnderwiis.
‘Jou jild en frijheid,’ wie de yell,
‘dan binne wy oan iepenbier gelyk!’
De liberaal fûn soks in griis.

In oanslach op it kapitaal
en op ’e ienheid fan de steat,
betocht de frije liberaal,
se fytse streekrjocht nei luilekkerlân,
foar ’t ryk is ’t op ’e kop ferkeard,
se geane mei de frijheid oan de haal,
doch rap in oanslach op ’e bân.

De tandem kriich gjin lekke bân,
de dûmny en mynhear pastoar,
sy trapen lekker ritmysk troch
de kant út fan bysûnder ûnderwiis
oant berntsjes songen bliid yn koar:
‘Us roomske skoalle kaam der net omdoch,
mar dochs juf non is âld en griis.’

 * Spotprint ‘De tandem yn de polityk’

** Foto fan in roomsk-katolike (beuker)klasse

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum