Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Gjin fraach mar plicht

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wie gjin fraach, sa moast it wêze,
boppedat bern fregen net,
mar harken nei de grutten,
sa wie de ûnbesprutsen wet:
oan ’t wurk yn plak fan lêze.

De knibbels krom en smoarge hannen
op ’e bou, oan heit gelyk,
en letter tusken muorren,
mei wurge hannen yn ’t fabryk:
oan ’t wurk, gjin takomstplannen.

It wie gjin fraach hoe’t sy it fûnen,
want wa’t bern wie, frege net,
’t fabryk wie foar de grutten,
sa stie no ienkear yn de wet**,
mar ’t lânwurk wie foar sûnen.

Noch altyd waarden bern net frege,
want de skoalle wie in plicht***;
se sieten tusken muorren,
al wer, de doar foar oeren ticht,
de hannen skjin foar ’t hege.

* Skoalfoto út 1901

** Bernewet fan Van Houten (1874)
*** Wet op ’e learplicht (1901)

 

admin

Nei kening Gorilla Wilhelmina

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan Otto Eerelman**

Fuort mei de monargy
en gjin gorilla op ’e troan,
sa woene ha de sosjalisten,
kening-aap hie it bedoarn,
hy hearde thús by wylde bisten.

Behâld de monargy
foar ’t folk, ús dochter op ’e troan,
liet Emma, regentes, doe witte,
sy fertsjinnet grif de kroan,
sil Nederlân wer bloeie litte.

De striel fan de fontein
spat oer de koets rojaal it ljocht
foar Wilhelmina, keninginne
fan mar achttjin, mar mei rjocht,
emansipaasje fan foarhinne.

Gjin oare frou te sjen,
de manlju slaan foar master op,
wêr bliuwe no de sosjalisten?
Apen hawwe heech it krop
op hynders dy’t dit lang al wisten.

* Brosjuere ‘Ut it libben fan Kening Gorilla’

** Otto Eerelman (1839-1926)
Skilderij ‘Yntocht fan keninginne Wilhelmina
op 5 septimber 1898’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum