Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Lizzende hollen

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolaas Pieneman*

Image

Charlotte de Bourbon
is yn it soargjen neat tefolle,
Willem van Oranje leit,
sy stipet leafdefol syn holle.

It is in fêststeand feit,
gjin nochter minske hat soks wollen:
moardoanslach, lykwols net dea,
mar wol ferwûne oan de holle.

Jean Jauregui syn lea
is al ferskuord yn fjouwer parten:
dieder, mar yn opdracht fan,
hy hie foar sinten sjitte moatten.

Charlotte de Bourbon
wie al dat soargjen wat tefolle,
kaam al gau op ’t selde bêd,
lei del foargoed de wurge holle.

* Nicolaas Pieneman (1810-1860)
Skilderij ‘Prins Willem I nei de mislearre moardoanslach
troch Jean Jauregui, ferpleegd troch Charlotte de Bourbon
yn  1582’

admin

Oarlochsromantyk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Simon Opzoomer*

Image

Tegearre yn de tinte, ûngelyk
fan tinken oer de oanfal op ‘e stêd,
want Leien rekke swier yn lêst:
Valdez wie yn syn plannen rêd,
mar Magdalena woe noch ien nacht rêst,
sa spile op de oarlochsromantyk.

‘Noch ien nacht útstel, dan der gau op ôf,
ik sis dy ta, wy wurde dêrnei man en frou.’

De Spanjaard joech him rêstich del yn ’t kamp,
wylst twirren giselen oer gea en stêd
en geuzen stieken diken troch;
Valdez wie yn it flechtsjen rêd,
dus pleite Magdalena net omdoch,
sy sparre Leien foar in plonderramp.

* Simon Opzoomer (1819-1878)
Skilderij ‘Magdalena Moons smeekt har oansteande,
Francisco Valdez, de bestoarming fan Leien
noch ien nacht út te stellen’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum