Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Koloniale troanjes

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Albert Eckhout*
fan Frans Post**

Albert hie syn hûs yn Amersfoart,
hie fierder nearne west,
mar foel wol op as keunstner,
stapte mei in prins oan board,
foer nei Brazilië yn ’t west
foar ’t byld fan frou oant meunster.

Image

Sy begûn ’t bestean yn Afrika,
foer oer de oseaan
en waard dêrnei slavinne,
wurke oant de jûntiid ta,
ûnwennich, wend oan jaan en slaan,
sjoch dizze negerinne.

Keunstner, prins, slavinne op ‘e wrâld,
sy binne fier fan hûs
foar ’t byld fan in koloanje:
koer mei ynhâld, mannichfâld,
en pappegaaien by de rûs,
troch Albert ek twa troanjes.

Image

* Albert Eckhout (sirka 1607-sirka 1665)
Skilderij ‘Swarte frou mei koer en bern’

** Frans Post (1612-1680)
Skilderij ‘Braziliaansk lânskip mei sûkermole’

admin

Foar Hollânsk goud

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Aelbert Cuyp*
fan Pieter J. Sterkenburg**

Image

Dêr steane se noch yn de frjemdte,
keapman fan de VOC mei ’t wiif
en achter har de slaaf foar ’t skaad,
de waarme klean om ’t dikke liif,
Batavia stiet op ‘e kaart.

Wiis is er mei de Hearen Santjin,
toppers fan de multinational
dy’t farre foar it kapitaal,
it ynlânsk folk kin nei de hel,
want genoside is ’t ferhaal.

De float leit klear om fracht te laden,
ynslein foar in apel en in aai
en farrend rap foar Hollânsk goud;
it keapmanspear sylt moarn al mei,
’t giet foar de wyn wylst Ynje rout.

Image

* Aelbert Cuyp (1620-1691)
Skilderij ‘Portret fan in topkeapman fan de VOC’

** Pieter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Malakka yn de 17e ieu’

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum