Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Tour de France

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It foarste fytstsjil yn de rûnte
fan it Frânske ryk hat rêst noch doer,
fertrout him blyn ta oan it stjoer,
hat oan Parys ta alles jûn.

De rûnte, âlder al as hûndert
jier, begûn wat frjemd: in krantestriid
rûn foar de sport út op in tiid
fan fytse oant let yn de jûn.

De earste rûnte, seis etappes,
like op in bist mei kop en sturt;
de sechtich rieden net sa hurd,
goed tweintich ha Parys wer fûn.

Maurice Garin waard fierwei earste:
trije oeren foarsprong op Pothier;
de rûnte waard tenei in pree
foar rappe riders, sterk en sûn.

* Foto ‘Start earste Tour de France’ (1903)

** Foto ‘Maurice Garin mei masseur en soantsje’

admin

Dûns foar de dea

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wiene terroristen,
sa woe de Turkske oerheid ha;
it folk fan Masedonië
gie it leafst nei  Bulgarije ta,
dus wie ’t gelyk oan bisten.

Dêroer tocht oars de pryster,
dy’t preke oer minskweardichheid
en frede winske foar de wrâld,
seagen frijheidsstriders oan as heit,
al sjongend as in klyster.

Wat hie de Turk te bieden?
Foar elk it knallen fan ’t gewear,
ek mem en berntsjes rekken dea…
wat de Turk beskôge as in ear,
wie folút genoside.

Foto ‘Frijheidsstriders yn Masedonië
dûnsje om in kampfjoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum