Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Religy category

admin

Swart evangeelje

Religy
PDF Print E-mail
Hoe belibje de kristenen yn it Afrikaanske lân Malawi it evangeelje?
Sy ferbine dat mystearje fan libben en dea
mei har eigen bestean, riten en symboalen.
It gehiel is ferbylde op in skilderij.
De details dêrfan binne ferwurde yn gedichten.
 

Jim kamen nei Malawi, westerlingen,
mei de seine yn it wyt
en harken net nei ús ferwyt,
mar meanden troch om hjir jim heil te bringen.De woartels, fêst yn Afrikaanske ierde,
sniene jim ús meanend ôf;
tradysjes waarden wy ûntrou
en moasten foar jim evangeelje bliede.

Us waarme hert, dat foar de foarfaars kloppe,
joech it bloed troch oan de bern,
mar hat troch jim de slach ferlern,
ferkuolle is it, op in klop nei stoppe.

De lêste klop is foar ús eigen Kristus
mei in glânzjend swarte hûd
en ynkarnaasje yn ús bloed
en fleis, dit eigen evangeelje is ’t dus.

Image

admin

Lânskipstsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 3 desimber 2006 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
om de eagen oer it lânskip glide te litten,
it lânskip fan skipper Wiebe en frou Hesseltsje,
it lânskip fan Jeruzalem en de Oliveberch,
dat de profeet Sacharje ús skildere hat
en it lânskip fan it hielal en de wylde see
fan de evangelist Lukas,
mar wy sprekke earst út dat:

Us help is yn de namme fan de Hear,
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat
en dêr’t wy diel fan út meitsje.

Image

2. Sjonge
Psalm 139: 1 en 7

3. Foar de bern

Skilderij fan Marleen Hagenaar

Wat is dit?
Wat falt jim op?
Stoarm op see
Fleanende flinters
It ferhaal fan skipper Wiebe fan It Heidenskip
Stoarm op ‘e Fluezen
In wite flinter op it seil
Ferwachting: it wurdt oar waar
Advint
In tsjustere tiid
Ferwachting fan it ljocht fan Jezus

4. Sjonge
Ballade fan in Heidenskipster skipper: 1 en 2

In skipper fan It Heidenskip
fan hast twa ieuwen lyn
besylde mei syn houten tsjalk
de mar mei waar en wyn;
sa wiene Wiebe en syn skip
‘De hoop doet leven’ ien
fan geast mei Hes de skippersfrou,
sy ha de need trochstien.

Sy hopen op in libben wiis
en tsjinstber oan it folk
fan wrotters yn it lege lân,
ien groef, de oare molk;
it fean waard turf, de molke tsiis,
ek bûter yn it fet
en skipper Wiebe brocht de fracht
nei plakken fan ferlet.

Image

5. Gebed

Hear wêr’t jo ek binne, fierôf of tichtby,
sjoch ús hjoed oan
dat wy boppe it razen fan de stoarmen út,
de stoarmen yn de wrâld en yn ús eigen libben,
Jo net út it gehoar ferlieze.
Want Jo binne net yn it razen fan de stoarm
of yn it brûzjen fan wylde weagen
of yn it razen fan it ferkear op ‘e A7
of it weagjen fan in minskemassa op ‘e Easterdyk,
mar wêr’t Jo wol binne…
yn de stilte nei de stoarm, nei de A7 en nei de minskemassa.
Dêrom Hear, binne wy no stil om Jo net út it gehoar te ferliezen,
wolle Jo ûnderwilens nei de stoarm of stilte yn ús inerlik lânskip harkje…

Stryk mei de wyn fan jo Geast, o Hear, oer ús inerlik lânskip,
dat wy de holle as in beamkrún nei it swurk opstekke
en de griene blêden fan de hope wer begjinne te risseljen, te flústerjen.
Dan sil ús eigen lânskip en dat fan dizze gemeente fan ‘e moarn
opljochtsje fol ferwachting op ‘e komst fan in himel op ierde.
Amen

Image

6. Lêze
Sacharja: 14, 4-9

7. Sjonge
Psalm 139: 3, 4

8. Lêze
Lukas 21, 25-28

9. Sjonge
Liet 231: 3 en 4

10. Lêze
Genesis 7, 10-16

11. Sjonge
Ballade fan in Heidenskipster skipper: 3 en 4

It laden mei it lossen wie
foar him it swiere wurk,
mar ûnder ’t farren mei syn tsjalk,
dan skôge er it swurk;
de sinne, moanne joegen rie,
fertelden him it lot
fan ’t lege lân en folk, sa stie
de skipper nêst syn God.

Doe kaam de dei dat skippers each
waard lutsen troch in ring
om moanne earst en sinne dan,
hy fûn it sûnderling;
de see mei ’t wite skomjen seach
er as in teken dat
de stoarm kaam neieroan, sa stie
de skipper nêst syn God.

Image

12. Ferkundiging

1.
Advint, ferwachting, ropt twa fragen op:
Wat kinne wy ferwachtsje?                  Hoe sjocht it lânskip fan ús ferwachting der dan út?
Hoe reagearje wy?                              Hoe sjocht ús eigen inerlik lânskip der dan út?

2.
It komt miskien om’t ik yn It Heidenskip berne bin, mar it boek ‘De Oerpolder’ fan Hylke Speerstra, dat giet oer It Heidenskip fan de njoggentjinde ieu, hâldt my noch altyd yn de besnijing.
Ien fan de moaiste ferhalen yn dat boek is ‘Ring om de sinne’, dêr’t de ramp fan 1825 yn beskreaun wurdt. Skipper Wiebe en syn frou Hesseltsje lizze yn dy earste dagen fan febrewaris mei de hektsjalk yn de Heidenskipster feart. Wiebe hat it net op it waar stean, want yn de nacht hat er in dûbele ring om de moanne sjoen en de oare deis sels in frjemdsoartige ring om de sinne. Skipper Wiebe stie derom bekend dat er it hielal skôgje koe en it plak fan de stjerren wist. Hy wie ferbûn mei it universum boppe en de natuer ûnder. Mei oare wurden syn religieuze ynhouten wiene sa geef as kryt.
Mar it soe noch mâler wurde as dy ringen om moanne en sinne. Want steande op ‘e lûken joech er boer Melle de Vries útlis oer it kommende needwaar: “As ik jo der minlik op wize mei, boer, dan kinne jo hjirwei de see beëagje, sjogge jo de weagen boppe de Suderseedyk spoekeftich opljochtsjen? It is de azem fan de stoarm. Wat jo en ik sjogge, is de grime fan de see.”

Image

Hylke Speerstra beskriuwt it sa dat it lânskip dat se sjogge suver in religieuze kleur kriget, as wie it ferbûn mei hegere machten. It kriget wat mysterieus. It religieuze lânskip fan It Heidenskip soe men dus sizze kinne.

Hoe reagearje de Heidenskipsters op dy fjirde febrewaris fan it jier 1825? Wiebe en Hesseltsje dûke mei bûgde holle de roef yn, boeren en boerinnen slute yninoardûkt blinen en doarren en wurde wei yn it bedstee. Der hearsket in eangstige ferwachting fan wat komme sil.

Wat kinne se ferwachtsje?
Oars net as needwaar.
Hoe reagearje se?
Har inerlik lânskip is oerstjoer (sjoch de skildering).

As se de oare moarns wekker wurde, is it greidelânskip fan It Heidenskip feroare yn ien grutte wetterflakte, dêr’t inkeld de reiden de grins tusken de oerpolder en de Fluezen noch oanjouwe.

3.
Wy geane fan It Heidenskip nei Jeruzalem. Sa’t de stêd beskreaun wurdt, ek in religieus lânskip. Tink mar oan de timpel fan Salomo en de Oliveberch bûten de muorren fan de stêd. It is net fergees dat der om it besit fan dizze hillige plakken yn de rin fan tûzenen jierren fûl striden is. In religieus lânskip dus.
De profeet Sacharja wit dêroer mei te praten. Men soe ûnearbiedich sizze kinne dat hy in soarte fan joadske skipper Wiebe is. Hy seit nammentlik it needwaar oan: “De stoarm fan de  heidenfolken sil komme. En de weagen fan geweld sille de stêd oerspiele. Plondering en ferkrêfting is dan oan de oarder fan de dei.” As dat gjin needwaar is!

Wat de ynwenners fan Jeruzalem ferwachtsje kinne?
De helte fan de befolking sil yn ballingskip fierd wurde.
Hoe reagearje se?
It inerlike lânskip is oerstjoer (sjoch de skildering).

“Mar,” ropt Sacharja, “jim kinne noch mear ferwachtsje, want jim sille it noch belibje dat it lânskip fan de Oliveberch en it eigen inerlike lânskip sa skodzje dat jim op ‘e flecht slaan. Want de Heare sels sil de fuotten op ‘e Oliveberch sette dat dy spjalt.”
In blide ferwachting? In ierdskodding is no net daliks in barren dêr’t minsken nei útsjogge. Mar dochs… Sacharja heakket noch ien sintsje ta, dat my rekke hat en dêr’t ik noch gjin wei mei wit: “Dan sil de Heare, dyn God, ferskine yn it hillichdom dat by dy is.”

4
Wy geane fan de profeet Sacharja nei de evangelist Lukas, miskien kin dy ús helpe. Lukas as de folgjende joadske skipper Wiebe, want no giet it echt oer it hielal en de see: “Der sille frjemde dingen barre mei de sinne, de moanne en de stjerren. En de see sil bolderje en skomje.”
Is it net krekt as hearre wy skipper Wiebe sels? Mar der binne ferskillen: Wiebe hat it net oer de reaksjes fan it folk fan It Heidenskip en ek net oer it ferfolch, nei’t sinne, moanne, stjerren en see sa oerstjoer west ha. Mar Lukas wol: “Op ierde sille de folken yn grutte noed sitte en net witte hoe’t se ûntkomme moatte.”

Wat kinne de folken ferwachtsje?
It stjerreleger sil yn ûnstjoer reitsje en dêrom ek dy spjeldeknop fan in ierde yn it grutte hielal.
It is krekt of hat Lukas hjir al each foar it allemachtich grutte universum.
Hoe sille de ierdbewenners reagearje?
De minsken sille it bestjerre fan eangst en spanning.

“Mar,” ropt Lukas lykas Sacharja, “jim kinne noch mear ferwachtsje, want jim sille it noch belibje dat it lânskip feroaret. It skaad fan de wolken strykt oer de ierde en de Minskesoan sil mei grutte macht en majesteit te sjen wêze.”

Hoe sille de minsken dan reagearje?
Se komme oerein, stekke de holle op, want…

Image

5.
Is it dan inkeld it skaad fan de wolken mei de Minskesoan dy’t it lânskip op ierde feroarje? Yn de simmer, as de sinne gleonhjit oan de loft stiet, is skaad wol noflik fansels. Mar eins is skaad neat oars as leechte. Sa’n koele leechte kin nea de bedoeling fan de Heit en Minskesoan wêze.
Lit ús weromgean nei de profeet Sacharja, skipper nêst God. It lânskip leit der mei dy spjalte Oliveberch as brutsen hinne. Mar de leechte fan de delling tusken de twa parten fan de berch yn biedt wol beskerming oan it flechtsjende folk, lykas it skaad beskerming jout foar de gleonhjitte sinne.
“Mar,” ropt Sacharja, “sa’n brutsen lânskip kin Gods bedoeling net wêze. Nee, it sil wer hiel wurde, in hieljend plak foar brutsen minsken. Dan sil der gjin moarnsrea mear wêze en ek gjin kjeld of froast. It sil altyd dei wêze, sûnder wikseling fan dei en nacht: yn de jûntiid bliuwt it ljocht. Dan sil der altyd-troch wetter út Jeruzalem komme, dat libben jout; foar de iene helte rint it nei de see yn it easten en foar de oare helte nei de see yn it westen, en dat by ’t simmer likegoed as by ’t winter.”

Wat in lânkip! Wat in takomst! It kin net oars of sa’n lânskip leit yn de bedoeling fan God de Heit en Jezus de Minskesoan.

6.
En wy, lytse skippers en skipperkes nêst God?
Wat meie wy 2500 jier nei Sacharja, lyts 1900 jier nei Lukas en lyts 200 jier nei skipper Wiebe fan It Heidenskip ferwachtsje?
It lânskip fan de takomst fan Sacharja, mei oare wurden: in himel op ierde.
Mar dat hawwe se al salang roppen: Sacharja, Lukas, Jehannes, de paus, de biskop, de dûmny, jimme dûmnys… Hawwe jim der noch nea oan twivele? Ik sil earlik wêze: ik wol.
Wêrom is it der noch net fan kommen? Hoe faak hawwe op ierde skipper Wiebe syn wurden wol net klonken: “It is de azem fan de stoarm. Wat jo en ik sjogge, is de grime fan de see.”
Lit ús tinke oan 1825, 1953 ( de ramp fan Seelân), 2004 (de tsunami yn Azië), 2005 (de ramp fan New Orleans). Wêrom is de Minskesoan doe net op ‘e wolken kommen?
Hoe faak hat dyn en myn inerlik lânskip wol net oerstjoer west fan wat wy meimakke ha yn ús persoanlik libben en fierderop yn de wrâld. Rop it efkes by jim op… (stilte).
No dan! Wat meie wy dan ferwachtsje, Heit en Minskesoan?
En sjoch, dan strykt dat iene sintsje út Sacharja 14 fers 5 yn de delling fan ús libben del, as in flinter yn de wylde skildering: “Dan sil de Heare, dyn God, ferskine yn it hillichdom dat by ús is.’
De timpel fan Jeruzalem? Jawis, sa sil Sacharja it wol bedoeld ha. Mar it bestean op ierde fan dy as minske mei ek in timpel hjitte, in hillichdom, it tichtby-wêzen fan Heit en Minskesoan, it goddelike dat altyd al by dy west hat en dat mei noch grutter macht en majesteit by dy komme sil, yn libben noch of by dyn stjerren of nei dyn dea.

Wat kinne wy dan noch ferwachtsje?
Wy ha it al en wat wy al ha, sil hieltyd mear wurde: Jezus, Immanuel, God mei ús.
Dat is it boadskip fan dizze earste Advint.
Hoe reagearje wy?
Wy komme oerein, stekke de holle op, want ús inerlik lânskip strielet fan frede.

Amen

Image

13. Oargelspul

14. Sjonge
Ballade fan in Heidenskipster skipper: 5, 6 en 7

It tsjuster sleepte buien mei
fol heil dy’t ûnheil brocht,
de stoarmwyn swypke weagen op
ta hichten nea noch tocht;
de bliksem ljochte as de dei
en ’t knalde skot op skot,
mar Wiebes tsjalk lei fêst, sels stie
de skipper nêst syn God.

Dy moarntiid kaam de skipperspet
wat hoeden foar it ljocht,
de eagen doarmen sûnder stjoer
en fûnen neat mear rjocht;
de pleatsen wiene skippen dêr’t
de see mei spotte, ’t lot
fan Wiebe lykwols wie gelyk:
in skipper nêst syn God.

De bisten fan It Heidenskip
en ek it klomjend folk
ferwachten yn dy wettersneed
beskutting yn de tsjalk;
‘De hoop doet leven’ waard in skip
as arke mei ’t gebod
dat Wiebe lykas Noach wie
de skipper nêst syn God.

Image

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Kollekte

17. Sjonge
Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God: 1, 2 en 3

Ik fiel Jins wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ’t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op Jins heil!
Te roere stiet Jins eigen Soan,
Hy stjoert nei feil’ge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

De triennen dy’t ik skrieme moast,
binn’ droege fan Gods wyn;
ik wit net mear hoe ‘k stúmje doarst
oer muoiten lang ferlyn.
No haw ik nije libbensmoed
en fêst is myn beslút:
ik fiel Gods winen waaien hjoed
en syl de haven út.

O, lit my nea ferjitte, Hear,
hoe’t my Jins leafde laat;
lit foar my stean hoe dearlik sear
Jins holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
by ’t oangean fan de reis,
no’t ik Gods winen waaien fiel:
lied Jo my ûnderweis!

18. Seine

Wy sile hjoed de haven út
mei in knik op ‘e skoat
de see fan ús libben op
as skipper en skipperske nêst God.

God dy’t mei ús is,
de leafde fan de Minskesoan dy’t by ús is
en de wyn fan de Geast dy’t ús nei de nije haven fiert.

19. Sjonge
Liet 456: 3

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum