Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Galapraat

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Kin in Fries noch grutsker wêze
nei it keninklike komplimint
dat Fryslân hie New York ynnommen,
yn de skiednis rom bekend,
no ek fan ’t jier te sjen en lêzen.

Galama, ús deputearre,
yn syn grutskens echt in grutte Fries,
wie sa mei ’t komplimint ynnommen
dat er rekke fan de wiis:
”t Is op ’t Oranjehûs basearre!’

’t Wrâldnijs flitste oer de ierde,
net it Fryske York, mar ’t komplimint,
dat elk koe ’t digitaal ynnimme,
sa waard Fryslâns rom bekend,
ek Galama’s healwize dieden.

Jorritsma, de heechste lieder,
wie net wiis mei wrâldwiid digitaal,
want sa hie hy it net opnommen,
keninklik klonk it ferhaal:
‘New York, jawis, ús lantsje wie der!’

Galama moast doe op ’t matsje
op ‘e dei dat hysels jierdei wie,
’t oranjebitterke ynnimme
foar in bytsje dom, dat hie
ús prins al jierren yn it snotsje.

admin

Ballade fan de apegrûn

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Hoe fredich libbe yn de greide
fan de Nederlânske wollefeart
in keppel skiep;
se frieten gers, mar ek wol reiden
en de ezel seach neat wie ferkeard.

Hoe feardich koe dat bist bestjoere
’t Nederlânske greidelibben yn
de wollefeart;
de ezel fûn net ouwehoere,
want it gie de keppel foar de wyn.

Image

Yn ’t sintrum fan it hôf fan Eden
stie in fierste folle apelbeam,
de wollefeart
foar apen libjend op it heden,
net by ’t stilsteand wiet, mar yn de stream.

Hoe feardich fochten al dy apen
yn de fierste folle apelbeam
om ’t grutste part,
se sloegen, klauden yn en trapen;
wa koe hâlde ’t aapfolk op ‘e team?

De keppel skiep wie bang foar krapte,
draafde as ien keppel yn it rûn,
de bekken ticht;
de ezel balte dat it klapte,
Edens hôf bleau lykwols apegrûn,

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum