Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Polityk category

admin

Sabeare winner

Polityk


Wurdt de frijheid kwea beknotte,
stekke earmen himelheech,
wat bliuwt dan oer fan it bestean?
De tinne tûkjes dy’t noch hingje,
troch de hearskippij bespotte.

Liket hjoed dy macht te winnen,
krije earmen it te dreech
om foar de frijheid troch te gean,
dan kinne tûkjes útkomst bringe
yn de strielen fan de sinne.

Lit de sinne de macht krije
om de kjeld fan Oeral wei
te teien foar in waarm bestean,
dan sil de frijheid oan krêft winne,
de sabeare winner swije. 

admin

Stim god!

Polityk

fan ûnbekend*

Wylst de stimmen binnen komme,
klinkt de stim fan Ruslâns god:
‘Ik bin de hear dy’t myn folk liedt
op wegen dy’t ik wize sil,
wa’t my net folget, wurdt ferdomme!’

Wylst de stimmen binnen streame,
sprekt de militêre god:
‘Ik bin de hear sa’t it no giet
mei noch mear wapens nei myn wil,
wa’t my net folget, wurdt ôfseame!’

Wylst de folgers massaal stimme,
sprekt de tirannike god:
‘Ik bin de hear dy’t jim ferbiedt
om op te sprekken, dus wês stil,
wa’t no net swijt, sil ’t fluch fernimme!’

“Foto ‘Poetin’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum