Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Soldatelears Caligula

Mytebylden

fan ûnbekend*

As jonkje bleau hy by syn heit
yn ’t legerkamp, dêr’t de soldaten
him soldatelearske neamden,
in teken fan syn populariteit,
sa hie hy tûzen maten.

Al jong ferlear er heit en mem,
kaam yn de kost by beppe, letter
by Tiberius, de keizer,
in kwestje fan in lûde stim, gjin rem,
in hearsker op ’e kletter.

De keizer dea, Soldatelears
kaam op ’e troan, it koe net better:
bôle foar it folk en spullen,
in kwestje fan in sêfte stim, mar heas
rôp Caligula letter:

‘Ik bin de baas, sjoch nei myn byld,
fal del, jimme sille ’t ear bewize,
machtich bin ik boppe goaden,
dat elk myn populariteit oanfielt,
myn lears sil om jim gnize.’

Gjin lears hat gûld om keizers bloed,
dat spatte om it folk te wizen
op ’e wil fan lilke goaden.

* Byld ‘Caligula’

 

admin

Brutus de Twadde

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan Jean-Leon Gerome**

De earste Brutus focht tsjin in tiran
en foar de republyk,
stie foar de twadde as model,
yn ’t stribjen wiene se gelyk.

De twadde Brutus gie tsjin Caesar yn,
in striid dy’t hy ferlear,
de macht besparre him de sel,
dochs die hy ’t foar de twadde kear.

Mei oare senatoaren gie it oan
tsjin Caesar as tiran,
fermoarde waard de heechste hear,
de macht fan ien kaam yn de ban.

Tiran de Twadde*** kaam doe op ’e troan,
dy striid ferrûn gelyk,
foar Brutus gie foarby de ear,
hy makke fan himsels in lyk.

* Byld ‘Brutus’

* Jean-Leon Gerome (1824-1904)
Skilderij ‘Caesar fermoarde’

* Marcus Antonius

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum