Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Arachne

Mytebylden

fan Jacopo Tintoretto*

Kin de dochter fan in poarperwever
oars as weevje lykas heit?
Ut triedden wei ûntstiet in kleed,
dat wat fan it karakter seit.

Moast Arachne nei it heechste stribje
troch goadinnen nei te dwaan?
Athena brocht har oan de weet
om har as minske del te jaan.

Mar Arachne keas mei har te striden:
wa koe weevje ’t moaiste kleed?
Sy bylde Zeus beskamsum út,
hy pakte froulju oeral beet.

’t Skeat Athena yn ’t ferkearde kielsgat,
heechmoed kaam út trie nei trie;
Arachnes kleed waard ta beslút
ferskuord, de spoel sloech dat it die.

As de dochter fan in poarperwever
heger wevet as it kin,
dan dôvet se it libben út
en transformearret yn in spin.

* Jacopo Tintoretto (1518-1594)
Skilderij ‘Athena en Arachne’

admin

Appolonios

Mytebylden

fan ûnbekend*



Wol harkje nei in Appolonios:
‘Ik ha wat mei Pythagoras,
dy’t neitocht oer ferhâldings
en sa it krekte ynsjoch kriich,
dus wat bestiet, rint yn de pas.

Sa rûn, al tinkend, Appolonios
troch hiel it doe bekend gebiet;
as sjenner fan ferhâldings
seach hy de frede nei de kriich
en brocht de sinnegod syn liet.

Hy waard beskôge as in konkurrint
fan Kristus, om’t er wûnders die
en ek ien god fereare;
de siken brocht er yn de pas
fan sûnen, wat bysûnder wie.

Mar foar de keizer koe it sûnder dy
sabeare Kristus yn syn ryk:
de keizer kriich de eare!
De filosoof rûn út ’e pas
fan ’t goadedom en waard ta lyk.

* Byld fan Appolonios

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum