Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Daidalos en Ikaros

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

Daidalos en Ikaros
as heit en soan op wjukken
op ’e flecht út Kreta’s Labyrint,
mar kaam de heit fan syn ferline los?

Daidalos wie arsjitekt,
fermoarde syn neef Talos
út jaloerskens, waard as minne fint
ferballe nei it eilân Kreta, krekt…

… doe’t de kening grut ferlet
hie fan in tûke bouwer
fan it Labyrint as finzenis
foar Minotaurus, minskebolle, net…

… lang, hy waard ta dea ferslein;
’t wie min nei ’t sin fan kening
Minos, ek foar Daidalos wie ’t mis:
it Labyrint hie foar de heit gjin ein…

… ek net foar soan Ikaros,
dy’t nei de fûgels kipe,
’t foarbyld fan in konstruktive hint:
mei waaks en fearren komme minsken los…

… fan de grûn… ‘Mar flean net al
te heech, want troch de sinne
raant it waaks, myn soan… do stoere fint
bist heechmoedich… hein him… foar de fal!’

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Yllustraasje ‘De fal fan Ikaros’

 

admin

Marcus Curtius

Mytebylden

fan Pierre Joseph Celestin François*

Gjin kriichsman mei mear moed
as Marcus Curtius;
de held fan de Romeinen
offere syn eigen bloed.

Op ’t Foarum kaam in kleau,
dy’t djip by ’t folk ynsloech,
omdat de goaden seine
dat de swarte djipte bleau…

… as net in moedich man
it weage om de sprong
te meitsjen; de Romeinen
waarden dêr net optein fan.

Mar ien man hie de moed
de djipte yn te gean,
gjin god soe him dêr heine,
Marcus Curtius, hy woe ’t.

* Pierre Joseph Celestin François (1759-1851)
Skilderij ‘De dea fan Marcus Curtius’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum