Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Elektra

Mytebylden

fan ûnbekend*

Elektra, Agamemnons dochter,
dy’t ferlear troch moard har heit,
fermoarde troch har mem en minner,
akseptearre sy dy dea as feit?

Elektra, suster fan Orestes,
wachte op har lilke broer
om wraak te nimmen, sa te winnen
’t pleit, dan wiene dy gefoelens oer.

De mem en minner waarden deade,
huningswiet preau harren wraak;
gefoelens kinne har fersinne,
’t moardzjen seach Elektra doe as taak.

Elektra, Agamemnons dochter,
preau by elke moard syn bloed,
har eigen kolke om te winnen…
brocht de dochter sa har heit de groet?

* Byld ‘Orestes en Elektra’

admin

Elagabal

Mytebylden

fan Lourens Alma-Tadema*

Kin men fan in jonkje sizze
dat syn libben goed of min ferrint?
Sjedêr de lytse Elagabal,
gau al hegepryster fan El-Gabal…
koe hy foar dy god de tsjinst wol risse?

Kin in puber keizer wurde?
Rome hat him yn dy kar fersind,
sjedêr de jonge Elagabal,
by syn yntocht dekadint as Babel…
foar El-Gabal fierste wyld foar wurden.

Kin in keizer dûbel trouwe,
mei in kreaze frou en flinke fint?
Sjedêr biseksuele Elagabal;
yn de roazen liet er lju fersûpe…
Rome koe syn keizer net fertrouwe.

Kin sa’n keizer libjen bliuwe?
Moardners hawwe harren net fersind,
sjedêr de deade Elagabal,
foar sa’n keizer sil gjinien mear krûpe…
Rome seach him yn de Tiber driuwen.

* Lourens Alma-Tadema (1836-1912)
Skilderij ‘De roazen fan Heliogabalus (Elagabal)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum