Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Mytebylden category

admin

Solon

Mytebylden

fan ûnbekend*

Dichter, militêr en diplomaat,
hy wie dêrnêst ek hannelsman,
syn spoaren hie er wol fertsjinne,
letter kaam der ien spoar by:
as diallaktes wiisde hy it paad.

Middeler, dy funksje kaam him ta,
de lege en de hege stân,
dêrtusken moast it goed ferrinne:
grûn ferdiele, skuldefrij
troch ’t libben gean, sa woe Solon it ha.

Hûndert jier, syn wet joech hy dy kâns,
dan waard Athene it model
fan lykwicht tusken alle boargers,
mar de kâns gie gau foarby
troch tiranny, de stêd wie út balâns.

* Byld ‘Solon’

admin

Sokrates

Mytebylden

fan ûnbekend*

Hy wie fan alle merken thús,
mar thús hie er gjin libben,
want Xantippe wie in hellefeech,
sadat er deis wie op ’e merk,
dêr’t hy nei wierheid stribbe.
 
As boarger wie er earst soldaat
om sa te ûnderfinen
hoe’t it libben wie, fan leech nei heech
en wer werom, sa waard er sterk
fan geast om fel te skinen.

Mei jonge feinten yn petear
troch fragen skerp te stellen,
sa kaam boppe wat de wierheid wie,
dy wierheid fûn ’t gesach net wier
en mocht er net fertelle.

In swiere straf kriich Sokrates,
hy soe de jeugd bedjerre
kaam nei foaren yn Athenes rie,
’t gif út ’e beker krong yn spier
en nier, sa moast er stjerre.

* Byld ‘Sokrates’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum