Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Habsora*

Lyrysk Deiboek


It daget fan ’e moarn yn ’t easten
foar myn eagen, mar net foar it hert
dat bûnzet op it fjurrich stampen,
want Habsora driuwt it rinnen oan,
it evangeelje sa’t it godsfolk wol.

Keunstmjittich is yntelliginsje
dy’t raketten oanstjoert, want de wet
fan Israel ken gjin genede:
trijentweintichtûzen doelen hat
it wrede evangeelje al berikt.

De krêbe skoddet fan de knallen,
wat it godsbern oan it gûlen set,
de ezel balt: ‘Wêr is no frede?’
’t Antwurd fan de okse komt der net,
it evangeelje fan it godsfolk wol.

It daget fan ’e moarn yn ’t easten,
mar it stampen giet mei hertsear troch,
wylst ik in krús sjoch yn de tûken,
dat Habsora wit hoe faak fertelt,
in dûbel evangeelje, dat net klikt.

* Habsora is it kompjûterprogramma
dat de Israelyske raketten oanstjoert;
it Hebriuwske wurd betsjut evangeelje

admin

Stistean op ‘e grins

Lyrysk Deiboek


Tusken lette hjerst en winter,
op ’e grins, as wetterkjeld
net oergean wol yn suverheid,
de stilte fan in wyt begjin,
is hy stean bleaun, alhiel fersteld.

Tusken bosk en feale greide,
oan de râne fan de wrâld
dy’t duorjend driget mei gefaar
fan ’t skot fan homo sapiens,
stiet hy dêr, rjochte op behâld.

Syn behâld is hastich flechtsje
as syn grûngebiet beset
wurdt troch de fijân mei ’t gewear;
de oergong nei in wis bestean
stiet minder fêst, bestiet faak net.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum