Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ballade fan Lauswolt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wit dat de skiednis sprekke sil
fan trije reuzen yn it lân
fan bosk dêr’t sy mei rûge foet
de stappen sette en mei wil
de balken brekke om ferbân
te bringen oant de ein is goed.

Image

Lit dan it Fryske bloed yn ’t blau
hjoed brûzje troch de hiele lea,
it wolkom sjonge yn Lauswolt
foar trije reuzen yn it nau
fan ’t koetshûs, dêr’t mei brea en bea
it trio nei de ienheid dolt.

Lauswolt, in state fan komsa,
fan adel wie in rike hear,
in Lycklama à Nijeholt;
hy woe De Sweach as wenplak ha,
de keten diene him net sear,
syn hert wie mei blau bloed wol fold.

De iene reus, dy’t boud hie mei
wat balken oan syn earste slot,
him spriek it blauwe bloed wol oan;
hy tocht mei weemoed oan de wei
fan hoe’t de liberale god
syn wyske song op hege toan.

De twadde reus mei ’t reade bloed
beseach it ierdske libben oars,
sa tusken spitkeet en Lauswolt,
it rychjehûs foldie him goed;
as motto hied er: pluk in roas,
dan is in reuzehân gau fold.

Image

De tredde reus, wat lyts fan stal,
fersette gau syn linkerfoet
en kaam sa tusken harren yn;
sa krige elkenien in rol
te spyljen fan wat frij nei froed,
fan blau nei read en myn nei dyn.

Sa waarden reuzen maten yn
Lauswolt, mar sûnder motto noch
foar ’t folk fan rychjehûs en slot;
doe, by in romer reade wyn,
besongen sy ’t ferbûn en sjoch
de bûnsgenoat betsjutte wat.

Lit lang Lauswolt de eare ha
fan ’t ljochtsjend reuzefisioen
en ’t Fryske bloed tsjoch brûzjend op,
wy gean op gouden tiden ta
fan moarnsread oant de blauwe jûn,
hjoed komt de trijekleur yn top!

Image

admin

Swarte bylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se bliuwe deastil sitten,
kop en wjukken yn model,
gelyk nei ’t byld boetsearre:
stjerrend yn dy lêste tel.

Se litte har wer hearre,
wjukjend nei it ielgebiet
en kinne it net litte:
’t libben makket har wer wiet.

Se sitte tusken muorren
achter ’t fjouwerdûbel byld;
har libben, slim skansearre,
stjert yn alle oeren myld.

Se waarden jong wurdearre,
hege flecht en fiere sprong,
no wurde se wer fuorre,
wiet en droech yn sirkelgong.

Image

< Foarige

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum