Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Freule thoe Sloten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat sil men sizze fan it stedsje Sleat,
ferneamd nei ’t smelle wetter,
middenmank de marren dy’t as wacht
beskermet, sadat gjin besetter
oer syn heldedieden beart.

Wat soe te sizzen wêze oer de frou
dy’t freule hjit thoe Sloten
oars as dat it wiif mei man en macht
kanonnen fjurje lit mei kloaten,
Kenau, oan dy namme trou.

Mar sjoch, wat nammen sizze no en dan
yn dizze situaasje:
as men slacht gjin heldemoed mear acht,
dan komt de freule yn de graasje
fan thoe Sloten, fiskerman.

Image

admin

Fertroud iis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe lang ha wy net smachte
nei it útgean fan de wyn
troch noard nei it noardeasten,
withoelang is dat al lyn.
Wa hie dan noch ferwachte
dat it hege noarden kaam
nei stoarmen mei de earste
froast, dy mei nei ’t suden naam?

De waarman hie ’t oer nachten
mei wat froast, teiwaar oerdei,
de v fan hûndert guozzen
wiisde ’t winterwaar de wei.
Wat keart dan sterke machten
fan de redens út it fet?
Miskien it iis op puozzen,
want fertrouder is der net.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum