Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lyk en libben

Lyrysk Deiboek


Noch jong en sûnder ûnderfining
fleach er mei syn maten op,
de hiele bûnte wrâld lei foar him,
lykas ek de fearren kleuren,
nei in wike stjitte hy syn kop.

It slagge net om út te wiken
foar in jonge mûzefalk
dy’t útgie fan ’t prinsipe fan de
sterkste, beide mei deselde kleuren,
macht jildt ek by ’t bûnte fûgelfolk.

Noch jong en sûnder ûnderfining,
mar mei ’t foardiel fan de macht,
leit hiel de bûnte wrâld noch foar him,
hy sil oer in miuwelyk net seure.
mar slacht op syn eigen libben acht.

admin

Opbou

Lyrysk Deiboek


It stekt hjoed nau, in ier begjin,
it riist heech op, al nei de top,
’t stekt fan ’e moarn skerp ôf
tsjin tinten fan it nije jier,
sjedêr in hecht gebou.

It giet yn dizze iuw lang mei,
behalve as de stoarm stekt op
fan watfoar ramp dan ek,
gjin noed, want east leit nochal fier
fan west, sa is ’t mar krekt.

Korrekt is ’t net, want oer de grins
fan east nei west klinkt wer de rop
om help tsjin rûch geweld
tsjin boarger yn in wif gebou,
sadat gjin libben telt.

It stekt hjoed nauwer as men tinkt:
de fijân hat in hurde kop
dy’t ôfstekt tsjin it ljocht
dat sprekt fan frede, freonskip, trou
oan opbou fan it rjocht.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum