Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Bylden oan it wurd

Lyrysk Deiboek

It wie net om de toer te dwaan,
hoewol’t dy dúdlik kaam yn byld,
it rûn tsjin healwei fjouweren;
it wie de dei fan byld nei byld,
it is mei sizzen net te dwaan.

Hy* wie gjin man fan ’t lêste wurd
en swijde leaver, hold him stil
wylst hy mei ien each skildere;
hy rekke fierste ier út byld,
syn bylden komme no oan ’t wurd.

De bylden litte him ek sjen:
de skilder mei in eigen styl,
dy’t each foar ’t Fryske lânskip hie,
it kaam dynamysk klear yn byld,
men kin it tusken wurden sjen.

* Marten Groenhof silger

admin

Keunst fan it klopjen

Lyrysk Deiboek

Wa kloppet by it stedhûs oan
oars as om ’t ien of oar bewiis?
It hat te krijen mei identiteit
om te bewizen wa’t men is,
wat alles oer de mienskip seit.

Sy kloppet sittend op ’e doar,
gjin  kwestje fan in handicap,
mar sa te sjen fan har identiteit,
fol fjoer slacht sy net ien kear mis,
wat alles oer har keunstwurk seit.

Har klopjen is in hiele keunst,
slút by it iuwenâlde oan,
sy sit op it moderne ‘fjoer.nl’,
dy kombinaasje kloppet wis;
op slach leit sy de hammer del…

… as ’t keunstwurk nei har wêzen is.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum