Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Guozze-maatskippj

Lyrysk Deiboek


Wylst de mem de lieding hat,
sjocht de heit der strang op ta
dat pubers yn de rige bliuwe,
dissipline wurdt har bybrocht,
dêr moat de maatskippij op driuwe.

Dizze pubers witte al
dat de guozze-maatskippij
har rjochtet op ’t mienskiplik libben;
yn de flecht of op ’e greide
wurdt nei de krekte koade stribbe.

Mei de pjutten leit dit oars,
want dan stekt it minder nau:
wa’t lyts is, mei by mem noch sliepe,
wylst sysels in eachje tichtdocht,
dêr stiet de maatskippij foar iepen.

admin

Skippersrêch

Lyrysk Deiboek


It kaam net faak mear foar
dat op in kostlik moaie jûn
in skûtsje nei de Potten foer,
de tiid fan turf yn ’t rom wie oer.

Twa ankers kamen foar
de kop en holden ’t skûtsje op
it plak, it bleau de nacht grif oer,
de tiid fan rêst foar seil en roer.

De skipper dûkte yn
de roef mei op ’e holle noch
de pet, dy’t tsjûge fan alear,
mar ’t fan de waarme jûn ferlear.

Hy dûkte sûnder pet
wer op, hie inkeld ’t himd noch oan,
sa achter ’t swurd joech hy him del,
ûntbleate dêr it skippersfel.

Tradysje wie dêr út
de broek wannear’t de need heech wie,
mar ’t duorre langer as normaal,
de skipper hie in oar ferhaal:

‘It komt net faak mear foar
dat op sa’n kostlik moaie jûn
ik mei de rêch yn ’t sintsje sit,
wat ik net om de boarger lit.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum