Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Fitrinefûgels

Keunst

fan Alexandre Isidore Leroy de Barde*

Se stoarje ús ferwitend oan:
wat ha jim nei de dea úthelle
mei ús mage, lever en ús fleis,
wy binne net deselden bleaun,
jim ha ús libben stellen.

By libben songen sy op toan
in fleurich liet om te fertellen
dat sy wiene ’t leafste ûnderweis;
de sinne wie har bêste freon…
ha wy dy har ûntstellen?

Sy binne dochs natuerlik stoarn
of hat it minskdom harren fongen?
Dêrmei kaam in ein oan harren reis,
doe binne se yn kastkes treaun…
ha wy in rouliet songen?

* Alexandre Isidore Leroy de Barde (1777-1828)
Skilderij ‘Opsette fûgels’


admin

Hurd as stiel

Keunst

fan Gerardo Dottori*

Kranen stekke boppe skoarstiens út,
dy’t rikje allemachtich troch
de dagen en de nachten hinne,
fan de helling glydt it stiel
dat koers set nei de Swarte See
om streekrjocht skot nei skot te sjitten,
boppe alles raast de loftfloat út.

Kleuren binne skier fan pearze walm,
dy’t krêftich op ’e stimbân slacht
om eigen lûden te ûntnimmen,
foarmen binne krom as stiel
dat bûcht op ’t fjurjend oarlochsskip,
sekuer kin dat de rjochting mjitte,
boppe alles út klinkt it alarm.

Naasjes, folgjend it djip leauwich spoar,
slaan krêftich op ’e tromme fan
geweld om sa de striid te winnen:
God… Jahweh, ek hurd as stiel,
ha likegoed in fêste koers,
dy’t sy oan naasjes witte litte,
boppe alles út sjongt ’t leauwich koar.

* Gerardo Dottori (1884-1977)
Skilderij ‘Fassistyske kreaasjes’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum