Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Toer fan Nuenen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*

Image

Hy seach, wat earder wie yn gloarje,
’t stompe noch fan Nuenens toer,
it beaken fan de jirpeliter en de boer,
hy koe har hillige histoarje.

Noch hearde hy de krieën krassen
’t rouliet nei in lijenswei,
dat op it hôf it kruseleger stimde mei,
in koar fan inkeld lege bassen.

It wie ien fan syn lêste doeken
doe’t er dat wer foar him seach,
it ripe nôtfjild wie ien grutte giele weach,
hy wist dat it ferline spoeke.

Hy hearde diskear raven krassen,
fielde ’t stompe fan syn lea,
it beaken wie der net en ’t paad troch ’t nôt rûn dea,
syn stoarje einige nei ’t lossen.

Image
Nôtfjild mei fleanende raven

* Vincent van Gogh (1853-1890)
skildere yn de begjinperioade
de ‘donkere’ realiteit fan Nuenen.
Yn de rin fan syn libben feroaren
styl en palet.

admin

Achter de kûlissen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan ten Compe*

Image

It wetter fan de grêft leit net mear stil
te blinken yn de simmersinne
en de klok fan ’t weeshûs liedt net mear;
de nije tiid lei op syn wil:
dêr’t earst de brêge wie, raast no ferkear.

It hûs as achtergrûn fan ’t Haachsk toaniel,
de strjitten foarmje de kûlissen
en de spilers steane by de kraan
te hanneljen, want elk syn diel,
de lêsten sille se de wezen jaan.

De haadrolspilers binne net te sjen,
men fynt se achter de kûlissen,
want de boargers yn har kreaze klean
bespylje maatskippij en bern,
de lêsten ha it eigen strjitsje mar te gean.

* Jan ten Compe (1713-1761), sels grutbrocht
yn in weeshûs, dêr’t er ek syn oplieding krige,
skildere ‘It Diakony Alde Frouwe- en Bernehûs
yn De Haach’.
De belesting op ‘e fetten mei bier waard troch
it stedsbestjoer foar de wezen ornearre.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum