Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Hurd as stiel

Keunst

fan Gerardo Dottori*

Kranen stekke boppe skoarstiens út,
dy’t rikje allemachtich troch
de dagen en de nachten hinne,
fan de helling glydt it stiel
dat koers set nei de Swarte See
om streekrjocht skot nei skot te sjitten,
boppe alles raast de loftfloat út.

Kleuren binne skier fan pearze walm,
dy’t krêftich op ’e stimbân slacht
om eigen lûden te ûntnimmen,
foarmen binne krom as stiel
dat bûcht op ’t fjurjend oarlochsskip,
sekuer kin dat de rjochting mjitte,
boppe alles út klinkt it alarm.

Naasjes, folgjend it djip leauwich spoar,
slaan krêftich op ’e tromme fan
geweld om sa de striid te winnen:
God… Jahweh, ek hurd as stiel,
ha likegoed in fêste koers,
dy’t sy oan naasjes witte litte,
boppe alles út sjongt ’t leauwich koar.

* Gerardo Dottori (1884-1977)
Skilderij ‘Fassistyske kreaasjes’

 

admin

Identifikaasje

Keunst

fan ûnbekend*

Har eagen sprekke kleare taal:
ik wit net hoe’t dit kin
en hoe’t it fierder moat,
ik wol der net nei sjen.

Dochs wit se ’t fantasy-ferhaal:
de fûgel-mem wie poer,
sa’t mem dat ek soms is,
doe krigen se gjin foer.

Se jage beide bern it nêst
út, sy moast troch de doar
nei bûten ta foar straf,
faak wist se net wêrfoar.

De berntsjes fûn se op ’e grûn,
it iene lei hiel stil,
it oare libbe noch,
se wit net wat se sil.

Mem hat har letter iten jûn,
dat kin sy ek wol dwaan,
dan libbet ien wer op,
mem-fûgel sil ’t ferjaan.

* Skilderij ‘Famke mei de deade fûgel’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum