Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

It lêste oardiel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Michelangelo*

Image

Dante hie de sielen al beskreaun:
dy’t lokkich libben himelheech,
de tuskenbeide yn it fagefjoer
dy’t wachten oant har dip wie oer
en ’t folk nei helleflammen dreaun,
in ivich lijen, duvelsk dreech.

Michelangelo hie seis jier wurk
mei alle lichems yn de sweef,
karakters, eal en kwea, in grut ferskaat,
yn ’t neaken nei it oardiel laat,
mar doe’t de paus de porno murk,
kaam hy mei Kristus ek op dreef.

Da Volterra, learling fan Michel,
moast penis en ek vagina
in lapke jaan, al wer in grut ferskaat,
mar foar de hellju joech ’t gjin baat,
it kaam foar har op ’t selde del,
de duvel moast har altyd ha.

* Michelangelo (1475-1564) skildere
it fresko ‘It lêste oardiel’ yn opdracht
fan paus Paulus III.
De keunstner krige syn ynspiraasje fan
Dantes ‘Godlike Komeedzje’.
De oanpassings fan Da Volterra binne
troch restaurateurs letter fuortwurke.

admin

Eleonora

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jakob Seisenegger*

Image

Eleonora, jonge frou fan Mantua,
jo binne ’t sieraad fan it lân,
fan heech komôf, de eale stân,
jo mem keas út de rike dracht,
jo heit woe op ’t panieltsje ta.

Eleonora, sa woe graach de skilder ’t ha:
it gouden kapke op it hier,
de ealstien op as hollesier,
it snoer symboalysk foar de macht,
do harkest, seachst en lietst it ta.

Noara of Noarke, hoe wolsto it sels graach ha?
Fuort mei de ballêst om ‘e kop,
ik set gewoan in mûtse op,
as famke fan noch lang gjin acht
gean ik myn eigen gong, no sa!

* Jakob Seisenegger (sirka 1504-1567)
wie skilder oan it hôf fan Habsburch.
Hy skildere û.o. keizer Karel V (1532)
en makke fjouwer jier letter
it panieltsje mei Eleonora fan Mantua.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum