Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Lânskipskonstruksje

Keunst
PDF Print E-mail
fan B.C. Koekkoek*

Image

Sa’n lânskip fynt men nearne,
’t is in leagen, leaflik fan in tint
dêr’t elkenien folslein yn rint,
de hoeders foar it fielen geane.

Men heart de koekoek roppen
wêr’t er droppe moat it fûnlingsaai,
sels giet er foar in frije dei,
want romantyk stiet foar him boppe.

Lit skilder Koekkoek sizze
hoe oft hy it minskestribjen sjocht:
‘Ik jou my oer oan ’t lânskipsljocht
om it gefoel deryn te lizzen.’

Hear wer de koekoek roppen:
‘Koekkoeks nêst fyn ‘k op gjin lânskipsstee,
syn fielen leit yn ’t atelier,
want dêr wol hy syn aaien droppe.’

* B.C. Koekkoek (1803-1862)
wie in romantyske lânskipsskilder,
dy’t bûten sketste en yn it atelier
in komposysje fan de sketsen makke.
Sa is ‘Alde iik oan de boskrâne’
ek op it doek kommen.

admin

Los selsportret

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ary Scheffer*

Image

Se neamden him in wûnderbern
dat op in snein de kleuren seach
fan heit en mem har skilderslibben:
foar syn eigen foarmen hied er each,
’t portret wie dat wol oan te sjen.

Hy joech himsels mei iepen moed
in ljochtstream dy’t diagonaal
syn jonge gong troch ’t libben sketste;
losse toetsen brochten syn ferhaal
oan ’t ljocht, sa hat er ’t doek beroerd.

Syn gong wie nei de stêd fan ’t ljocht
foar rom om mannich los portret,
sa waard er skilder fan de sielen;
letter hat er him ta drama’s set,
wat swierte yn syn streken brocht.

* Arie Scheffer (1795-1858)
seach it libbensljocht
yn in keunstsinnich fermidden:
syn âlden skilderen beide.
Yn 1811 emigrearre er nei Parys,
dêr’t er ferneamde keunstners
portrettearre, û.o. de skriuwers
Dickens en Toergenjew.
Goethe neamde Scheffer
de skilder fan sielen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum