Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Finsk kleed

Keunst
PDF Print E-mail
Image

Finlân, ûnder ’t wyt ferskûle
lizze moannenlang de stive lea,
in kleed dat tsjûget fan de dea,
lykwols ferburgen hâldt de kûle.

Earder sil de hichte sprekke
dat de dea sa ierdegrau net sjocht,
dat bjirken hâlde swart-wyt rjocht
de rêch, de rym sil dy net brekke.

Want salang’t de lynks syn spoaren
rinne oer it kleed nei ’t kûleplak,
dêrboppe meterdik it dak,
sil net de dea it lân bekoare.

Image

Twa skilderijen fan Akseli Gallen-Kallela
(1865-1931), in Finske skilder
dy’t it lânskip fan syn heitelân
op karakteristike wize op doek werjoech:
– Berime bjirken
– It skûlplak fan in lynks

admin

Winter yn de bosk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ivan Ivanovitsj Sisjkin*

Image

As de wyn it easten kuollet,
Ruslâns grûn wurdt iis sa hurd
en stadich streame de rivieren
fan it grûniis dat as potstro riist,
dan grizet fan de Rus it burd
en sil de snie it lânskip siere.

Sisjkin sjocht de bosk feroarjen
fan in grûnkleur yn it wyt,
pinselet op it doek it stille
liet dat nei de ivichheid ferwiist,
mar wat natuer is of syn flyt,
dat jout de skilder inkeld wille.

Wat is Ruslân en wat Fryslân
as de froast falt fûl deryn
en snie oer ’t Fryske lânskip jaget?
Folken reitsje yn de bosk fertiisd
en freegje, wat is echt, wat skyn
oant oer in skoft de maitiid daget.

Image

* Ivan Ivanovitsj Sisjkin (1832-1898)
wie in master yn it beskilderjen
fan grutte doeken mei faak
in Russysk lânskip as ûnderwerp.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum