Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Op dit plak en stuit

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan B. Jongkind*

Image

Men sjocht de wrâld sa as dy is
en neamt dat dè realiteit
dy’t rint oant yn der ivichheid
en elk is op dat stânpunt wis.

Behalve hy dy’t better sjocht
en heint essinsje út ‘e tiid,
dy’t ljocht en kleur op ’t klearste biedt
noch foar’t it paad rint yn in bocht.

Dan hâldt it hynder efkes yn
en stiet op fjouwer poaten fêst,
it hellet yn in azem rêst,
fernimt troch ’t hier it suchtsje wyn.

In praatsje liedt it fieren yn
fan ’t fleurich libben op dit plak
en stuit, elk kriget syn gerak:
de flesse iepen foar de wyn.

* Johan B. Jongkind (1819-1891)
skildere ‘Ruter yn lânskip’
yn in ympressionistyske styl.

admin

Omgong fan Brussel

Keunst
PDF Print E-mail
fan A. Sallaert*

Image

Lit Brussel it mar showe
ienheid mei in grut ferskaat,
lit wapperje de findels
foar religy, ek foar Jan Soldaat
en slaan de grutte trommen,
want de optocht is op paad.

Lit Isabella sjitte
op ‘e deade pappegaai,
dy’t út ‘e fearren rekket,
mar by Albrecht krijt er net dy swaai,
sa wurdt sy keninginne,
dy’t beneamt him as lakei.

Lit alle lieders sjitte
op ‘e bûnte pappegaai,
Europa sil it witte
dat mar ien it heechste wurde mei,
sa sille oaren litte
elk in fear, mar net syn aai.

Lit Brussel it mar showe
ienheid mei in grut ferskaat,
lit unifoarm de dowen
omgean, mar dan elk wol nei syn aard,
lit sa Europa skowe
alle grinzen fan de kaart.

* A. Sallaert (sirka 1590-1657/1658)
wie in Brusselske skilder,
dy’t fan de optocht yn 1615
in skilderij makke hat.
Aartshartoch Albrecht en syn frou
Isabella wiene ek op it feest.
Isabella rekke de pappegaai
by in sjitwedstriid en mocht har
dêrom keninginne neame.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum