Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Wûnder

Keunst
PDF Print E-mail
fan P.J.C. Gabriël*

Image

Wat wûnder waret troch de polder
as teiwaar it iis oer krûpt,
de snie fan reid en greide strûpt
en fûgels fleane om de mole?

Gjin wûnder dat de skiere loften
dize wiskje oer de kym,
de toer feroarje yn in skym
en keare fiere guozzekloften.

Oant op in dei de boer as mûnder
jout de wjukken oan de wyn,
ek wetter komt de gong wer yn,
de hiele polder draait foar wûnder.

* P.J.C. Gabriël (1828-1903)
wie ien fan de earste skilders
fan de Haachske Skoalle.
Hy neamde dit skilderij
‘Teilânskip’.

admin

De lêste

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vasili Grigorevitsj Perov*

Image

Sy moast wol mei foar proviand
dy dei mei manlju en twa sliden,
yn de iere moarn al op ‘en paad
mei strange froast nei âldfaars trant,
sa binne sy nei ’t stedsplein gliden.

De hynders kamen op ‘e stâl
dy’t by de âlde herberch hearde,
dêr’t de manlju krigen wodkapraat
oer ’t winterwaar, it bearde mâl,
wylst sy har mei de ynkeap rêde.

En yn de skimer soe it fuort,
mar ho, in lêste by de poarte,
want dy kroechbaas wie har bêste maat
en sy moast bliuwe by it guod
fansels, want wa soe ’t oars dwaan moatte?

* Vasili Grigorevitsj Perov (1833-1882)
wie in Russyske skilder fan sjenrestikken,
histoaryske ûnderwerpen en portretten.
Dit skilderij neamde er
‘De lêste kroech by de stedspoarte’.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum