Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Húsbesite

Keunst
PDF Print E-mail
fan Werner van den Valckert*

Image

It beart as ’t lûde flokken:
hearen yn it kreaze pak
yn ’t folle hûs fan earmoed,
twa ha mear as har gerak,
de rest krijt inkeld brokken.

De mem leit alle dagen
deasiik yn it ledikant,
de heit sit mei in sitfoet,
dat se binne fêste klant
fan tafersjoch mei kragen.

De bern mei lege mage
fine ’t frjemd op ’t eigen plak,
om’t frjemden mei har dochgoed
nimme oeren har gemak
mei praten sûnder fragen.

En wylst de hearen skôgje
dat earmoedich bûnt tafriel,
beprate sy it joumoed
mei de geunst fan elk syn diel,
in brok om op te kôgjen.

* Werner van den Valckert (sirka 1585-1627)
waard berne yn Amsterdam.
Hy skildere meast portretten
en bibelske tafrielen.

admin

Fruit fan Mario

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caravaggio*

Image

Syn hannen klamme om de koer
mei fruchten fan de geefste soart,
sa is no ienkear Mario,
in jonge dy’t fan alles doart,
want Adams apel is foar him net soer.

De skilder liet syn skouder bleat,
lei erotyk op it gesicht,
de styl fan Caravaggio,
dy’t tilde oan ’t morele licht,
hy hat him ta de jongesleafde keard.

Doe waard foar Caravaggio
it read de kleur fan bloed troch moard
nêst leafde foar syn jonge freon;
hy fûn by him in feilich oard,
in geve kuorfol fruit fan Mario.

* Caravaggio (1571-1610) wie in skilder
dy’t earst yn earmoede libbe. Nei’t er
in moard begien hie, moast er flechtsje.
Hy waard troch Mario Minniti opheind.
Fan him hied er earder it skilderij
‘Jonge mei fruitkoer’ makke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum