Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De laitsjende cavalier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frans Hals*

Image

In skilder libbet yn syn atelier
yn kleurepracht en eksintryk,
hy set de bûtenwrâld op doek,
genietet fan syn dûbelryk
lykas de cavalier.

Syn bûtenkant is leafdefol fersierd
mei wammes, sjerp en kanten kraach,
op beide mouwen leit syn hert,
symboalen mei in dûbellaach,
foar minder docht er ’t net.

De skilder libbe op syn âlde dei
mei skulden oan de bûtenwrâld,
gjin doek mear yn syn atelier,
de tiden wiene dûbelkâld,
ferflein de cavalier.

* Frans Hals (1582-1666),
ien fan de bekendste skilders
fan de Gouden Ieu,
rekke oan de ein fan syn libben
yn finansjele problemen.
Nei syn dea wied er gau fergetten.

admin

Judit mei it swurd

Keunst
PDF Print E-mail
fan Artemisia Gentileschi*

Image

Kin in frou it swurd wol drage?
Freegje ’t oan de frou dy’t Judith hjit
en alles fan de wredens wit
fan dy soldaten sûnder fragen.

Holofernes kin fertelle
fan syn leger, read fan frouljusbloed,
wit noch fan juster en fan hjoed,
syn oeren kin er lykwols telle.

Judith, frou fan neat tefolle,
draacht it swurd oars as in generaal,
mar slaan, dat docht se mei in haal
of twa en sjoch, dêr falt de holle.

Hiel Bethulia moat witte
dat it swurd dript fan it manljusbloed;
it antwurd op ‘e fraach fan hjoed:
dat die in frou dy’t Judith hjitte.

* Artemisia Gentileschi (1597-1651)
wie de earste frou dy’t oannommen waard
op ‘e Akademy yn Florence.
Holofernes, de generaal fan Assyrië,
waard by de belegering fan de stêd Bethulia
troch Judith ûnthalze.  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum