Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Jonge mei fioele

Keunst
PDF Print E-mail
fan  Frans Hals*

Image

Hy libbe op in achterstân
en swalke faak op strjitte,
dêr’t er ek syn maten fûn,
gjinien oan sibben bûn,
noch minder oan ferstân
fan hegerop yn ’t witten.

Hy wist wol wêr’t er wêze moast,
by Frank mei syn fioele,
beide âld, mar fol muzyk,
soms dûnsjend op ‘e dyk,
in libben as in foarst,
oant beide, dronken, foelen.

Hy hie it fan syn maat al leard
en wist de stôk te striken,
sa dat elk wol harkje moast
en hy ’t noch better doarst:
gjin noat wie mear ferkeard,
syn hichte die doe bliken.

* Frans Hals (1582-1666)
ferkearde yn it begjin fan syn karriêre
faak ûnder folk fan leech alloai.
Yn de perioade fan 1620-1630,
syn hichtepunt as skilder,
makke er it panieltsje
‘Jonge mei fioele’.

admin

Et in Arcadia ego

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Image

De hoeders fan Vergilius,
sy sprieken yn syn glânsgedichten
fan it lân Arkadië,
idyllysk as in paradys
mei inkeld rjochten en gjin plichten.

De trije hoeders mei de stêf
en stôk en ek de hoederinne
út it lân Arkadië,
sy kamen by in glânzjend grêf,
dêrboppe wolken foar de sinne.

De hoeders bûgden doe foaroer
om op ‘e stien de tekst te lêzen:
‘Yn it lân Arkadië
ha ‘k ek ea libbe’, ’t waard in toer
om hoeder sûnder plicht te wêzen.

* Nicolas Poussin (1594-1665),
in Frânske skilder-filosoof,
stribbe dernei de Grykske
en Romeinske idealen
yn syn wurk op te nimmen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum