Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Trochtocht

Keunst
PDF Print E-mail
 fan Nicolas Poussin*

Image

It mei in wûnder hjitte
dat wy it helle ha,
ik ’t neifertelle kin
oan wa’t noch binne bern,
want trochgean moat men witte:

Fan slavewurk en lijen
is ’t folk foargoed befrijd
om op himsels te stean,
mei mannemoed te gean,
úteinlik rêst te krijen.

Doe’t farao syn leger
ús op ‘e hakken rûn,
hat Mozes stoerd de see,
in paad lei foar ús ree,
de trochgong fierde heger.

Ek farao woe fierder,
ús jeiend achternei,
mar ’t wetter foel werom
en ’t leger kaam sa om,
gjin trochgong weage swierder.

Jim moatte dit noch witte,
hoe’t Mozes ’t letter sei:
‘Net ik ha jimme laat,
it wie Jahweh syn paad
dat trochgong boppemjitte.’

* Nicolas Poussin (1594-1665),
in Frânske keunstner,
skildere literêre en bibelske tema’s.

admin

Anatomyles

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy wie in krimineel fan rûch geweld
tsjin boarger, swalker en sipier
en sloech har mei de fûsten del;
yn eigen eagen wied er held
mei hurde kop en oeral spier,
fan him koe ’t minskdom nei de hel.

Mar op in dei seach hy de galge stean,
it duorre amper ien kertier,
doe hong er oan it strakke tou;
it spierspul, slop fan kop oant tean,
wie foar de kennis libbenswier,
dus kaam er fan de galge ôf.

Dêr lei er stjonkend ûnder oarmans each,
wylst dokter Tulp syn spier lossnie
dy’t spand west hie om wyld te slaan;
as held yn byld, net mear in pleach,
joech hy de dokters lichemsrie
om har pasjinten goed te dwaan.

* Rembrandt (1609-1669)
wie op 31 jannewaris 1632
by de anatomyles fan dokter Tulp,
dy’t de earmspier fan Aris Kindt,
in ta de galge feroardiele misdiediger,
lossnie.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum