Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Takomstdream

Keunst

fan Albrecht Dürer*

De eagen iepen, rjocht foarút,
sa seach er nei de wide wrâld,
dy’t him foar mear útdage
as hy as jonge foarút wist,
hy hie noch tûzen fragen.

De finger frege wat it wie
dat him net rjocht foar eagen stie,
mar wat er wol ferwachte
om as er grut wie dan te dwaan,
miskien oer tûzen nachten.

Hy dreamde faak fan potlead en
pinsiel en seach himsels dan as
in man mei tûzen krollen
yn kreazer klean as hy oan hie,
sa soe hy wêze wolle.

* Albrecht Dürer (1471-1528)
Tekening ‘Selsportret as jonge’
Skilderij ‘Selsportret’

admin

Ganymedes op wjukken

Keunst

fan Peter Paul Rubens*

Se binne yn de wolken,
alle goaden en goadinnen,
sittend oan in hearlik miel
mei ambrosyn en nektar,
dy’t ferheegje harren sinnen.

Dan sjocht Zeus Ganymedes,
dy’t by harren op besite
komt, net heger as de wolk
dy’t skiedt de minsken fan de
goaden, dat moat Zeus grif spite.

Dus transformearret hy him
yn in see-earn, dy’t de jonge
op syn wjukken troch de wolk
tilt, om’t er smoar fereale
is, sa hat er syn proai fongen.

Se binne yn de wolken
mei de jonge, dy’t foar harren
ambrosyn en nektar skinkt,
behalve Zeus syn Hera,
dy ferflokt it bleate barren.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Ganymedes’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum