Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Obadja oer Edom

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Jakob heit fan Israel,
broer Ezau heit fan Edom,
bruorrefolken troch de tiid,
mar Israel wie net yn tel
by Edom, ’t waard wer bruorrestriid.

Image

Harkje, Edom, nei ’t berjocht
dat ik, Obadja, hearde
fan de Iene, dy’t dyn striid
foar Babel seach as tsjin it rjocht
fan Israel, it is no tiid
dat grutman lytsman wurdt,
datst fan de hichte komst;
de rotskleau hat syn nocht
fan dy, do sakkest nei de grûn;
al woest wol wêze as de gier
dy’t hegerop syn nêstboarch bout,
de Heare hat fan Edom syn bekomst,
de tiid op hichte is ferrûn;
wa’t bûnsmaat wie, komt oer de grins,
de freonen binne net fertroud,
in strûp is set as foar in dier,
sa wurdt oan Edom ûnheil brocht.

Ezau, Edoms earste heit,
wie jager, mar as wizen
gie it neiteam troch de tiid,
’t ferstân briek ôf as wie it reid,
de lea ferblette yn de striid.

* James Tissot (1836-1902)
Tekening ‘Profeet Obadja’

admin

Omkear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Sa klinkt de godsspraak fan de Heare:
Ik helle folken út ‘e frjemdte wei,
jimsels út slavelân Egypte,
de Arameeër kaam út Kir,
de Filistyn út Kaftor,
elk fierde syn befrijingsdei,
dêr waard Ik lykwols net foar eare…
dus doch Ik jimme fan de ierde wei,
mar nee, dat bart net hielendal,
’t folk giet troch oare naasjes hinne,
wat útrint op de ûnheilsdei,
jim kinne ’t lot net keare.

Oars klinkt de godsspraak fan de Heare:
Ik helje jim by frjemde folken wei,
set wer oerein de hut fan David
en meitsje alle gatten ticht,
wat ynstoart wie, wurdt opboud,
it folk fiert wer befrijingsdei,
it sil nei âlde tiden keare…
dan drippe bergen fan it druvesop
en rint it by de hichten del,
de minsken sille dêrfan drinke,
gjinien giet fan syn grûn wer wei,
wat soe jim dan noch deare?

Image

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Fiergesicht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum